Aksjes by Prins Dokkum

26 feb 2013 - 11:02
  • Prins yn Dokkum

By metaalferwurker Prins yn Dokkum komme aksjes. De direksje wol de produksje fan Dokkum oerbringe nei Poalen en Dútslân. Dan soene 34 minsken dien krije. De fakbûnen binne it dêr net mei iens, omdat der genôch wurk is en omdat der net in goed sosjaal plan leit.

De fakbûnen hiene de direksje in ultimatum steld om de slutingsplannen yn te lûken, mar dêr is gjin gehoar oan jûn. Der wurdt no oerlein hokker aksjes hâlden wurde sille by it bedriuw dat fangrails makket.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)