Aksjes om jeugd stimme te litten

07 mrt 2006 - 09:51

It CDA yn Boalsert dielde sneontejûn polsbantsjes út ûnder it útgeanspublyk yn de stêd. Allinne de jongeren dy't by it CDA yn Boalsert op de list steane, diene dat. Sa woene se har leeftydsgenoaten oproppe om te stimmen.

Yn Achtkarspelen besocht de FNP mei jongerein yn kontakt te kommen troch kafees oan te dwaan. De nûmers fjouwer en seis fan de list woene benammen de minsken dy't noait stimme, oerhelje om dochs har stim út te bringen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)