Aksjes Fryske garnalefiskers

18 apr 2014 - 20:37
  • Garnalen hjir noch yn de dop

Fryske en Grinzer garnalefiskers hawwe freed aksjes holden tsjin de saneamde pulsfiskerij. De fiskers hawwe fearn mei in swarte flagge. Se binne lilk om't 80 pulsfiskers yn België tastimming krigen hawwe foar in proef. Neffens de Fryske en Grinzer fiskers is dat in bedriging foar harren takomst. By pulsfiskerij wurde de fisken fongen troch in koarte elektroanyske puls troch it wetter te stjoeren. Neffens de foarstanners soe dat foar minder fersteuring fan de seeboaiem soargje. De noardlike garnalefiskers binne it dêr net mei iens.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)