Aksjes Frije Fryske Grûn

01 mrt 2011 - 17:13

De aksjegroep Frije Fryske Grûn hat yn in fideoboadskip aksjes oankundige tsjin de ûntmanteling fan Fryslân. Dat bart no mei de plannen om kearnôffal yn Fryske sâltkûpels op te slaan en it jild foar de Fryske kultuer yn hannen fan Grins te lizzen. Wat dat lêste oanbelanget rint de klup achter, want dy plannen binne weromdraaid. Dat waard moandei bekend.

De aksjegroep komt ynkoarten mei in sterk nee-lûd. Yn jannewaris fersteurde de FFG in D66-gearkomste.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)