Aksjes foar wettersneed Balkan

20 maaie 2014 - 15:24
  • Bosnië hat in soad skea troch de oerstreamings

Ald-Cambuur fuotballer Goyko Kuzmanovic út Servië freget de klup om help by it ynsammeljen fan jild foar de slachtoffers foar de oerstreamings yn syn lân. Hy wol spesjaal foar de bern, dy't it swierst troffen binne, omtinken freegje. Kuzmanovic komt nei Ljouwert foar de reüny en it 50-jierrich bestean fan Cambuur. Hy sil ek mei fuotbalje by de feteranen.

Singer/songwriter Lucky Fonz III wol ek in ynsammelingsaksje hâlde foar de slachtoffers fan de oerstreamings. Hy jout freed in benefytkonsert yn Poadium Vlieland op Flylân.

Poadium-direkteur Bojan Bajic komt fan de Balkan. Hy is flechten foar it oarlochsgeweld. Hy wit wat it is om yn ien klap alles te ferliezen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)