Aksjes foar Serious Request

20 des 2012 - 13:33
  • Boargemaster Crone oerlanget de sjek
  • 3FM Serious Request, It Glêzen Hûs yn Enschede 2012

Yn Fryslân binne ek ferskate aksjes op tou set om jild op te heljen foar Serious Request. Op It Hearrenfean binne tongersdeitemoarn fyftich fytsers nei Enschede ôfset om dêr by it Glêzen Hûs in jildsjek te oerlangjen. Op De Knipe sitte seis bern yn in eigen Glêzen Hûs om sponsorjild byinoar te krijen. In groep fan fjirtich jongeren út Ljouwert en Enschede hat mei in nachtestafette goed 5000 euro ophelle foar de aksje.

Serious Request fan radiostjoerder 3FM is dit jier rjochte op it bestriden fan poppestjerte yn 'e wrâld.

De jongeren fan Ljouwert en Enschede hawwe yn estafettefoarm 160 kilometer ôflein. De start wie op it Saailân yn Ljouwert, dêr't takom jier it Glêzen Hûs stiet. Boargemaster Ferd Crone joech it startskot, tegearre mei syn kollega Peter den Oudsten fan Enschede, dy't fia in tillefoanferbining by de aksje oanwêzich wie. Ferd Crone joech de rinners in sjek fan 2013 euro as symboal foar it jiertal dat it Glêzen Hûs yn Ljouwert stean sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)