Aksjes foar fergees parkeare

26 feb 2006 - 16:36

Leefbaar Hearrenfean wol dat it mooglik wurdt om ien sneon yn 'e moanne fergees te parkearen yn it sintrum fan it Hearrenfean. De partij sil dêrom nije wike sneon parkearkaartsjes útdiele op it Boargemaster Kuperusplein.

Yn Frjentsjerteradiel wol de VVD it betelle parkearen sels ôfskaffe. De liberalen fine dat it altiten mooglik wêze moat om fergees te parkearen yn Frjentsjer en dêrom wurde sneon ek yn Frjentsjer parkearkaarten útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)