Aksjes ferpleechkundigen

26 jun 2008 - 08:02

Ferpleechkundigen fan de Fryske GGZ fiere tongersdei aksje tsjin de hege brânstofprizen. De prizen binne de ôfrûne moannen sa bot omheech gien, dat de ferpleechkundigen hûnderten euro´s mear kwyt binne om harren wurk noch dwaan te kinnen.

Dy ekstra kosten moatte se sels opbringe, want de kilometerfergoeding fan de GGZ is net omheechgien. Dêr binne de ferpleechkundigen lilk om. Dêrom wurdt der tongersdei in petysje oanbean oan ´e ried fan bestjoer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)