Aksjes fanwege sluting buerthûs

04 apr 2004 - 00:00

It buertkomitee Valeriuskwartier riedt him ta op aksjes. De gemeente Ljouwert hat oant no ta noch net offisjeel reagearre op de sluting fan it buerthûs mei yngong fan 3 april. Dat wie sneon. It Jongerenplatform yn 'e wyk slút him oan by de aksjes.

De gemeente Ljouwert wol gjin jild mear yn it buerthûs stekke. De jongerein moat no op stjitte omhinge en dat kin ta oerlêst liede, sa warskôget it jongereinplatfoarm.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)