Aksjes driigje by Moffett

08 jun 2007 - 11:46
  • Mooglik aksjes by heftruckfabryk Moffett

As de fakbûnen en de ûndernimmersried der moandei net útkomme mei de direksje fan Moffett út Alde Leije, komme der aksjes. De direksje fan it heftruckkonsern wol it fabryk slute en de produskje oerbringe nei Ierlân. Fan de 80 meiwurkers reitsje 60 harren baan kwyt.

Yn april makke de direksje de plannen bekend. Sûnt dy tiid binne de fakbûnen drok oan it praten oer in goed sosjaal plan. Dat ferrrint lykwols tige dreech.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)