Aksjes driigje by @Home

13 aug 2007 - 16:19

De televysjes fan abonnees fan kabelbedriuw @Home driigje op swart te gean. @Home is yn ús provinsje foaral aktyf yn noard-, west- en súd-Fryslân. By it bedriuw driigje aksjes omdat de fakbûnen net akkoart gean mei it sosjaal plan dat der by it bedriuw leit.

@Home foarmet mei trije oare kabelbedriuwen it nije bedriuw Newco. It persoaniel wol nei de fúzje wurkjen bliuwe yn de buert fan har stânplak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)