Aksjes by distribúsjesintra

08 apr 2004 - 00:00

By de distribúsjesintra fan supermerken Lidl op It Hearrenfean en Aldi yn Drachten hawwe tongersdeitemoarn betiid poarte-aksjes west. De aksjes binne opset troch fakbûn FNV Bondgenoten.

De aksje is net rjochte tsjin de Aldi en de Lidl sels, mar giet om it ynformearjen fan de wurknimmers oer de supermerk-cao. De FNV dielt ek enkêtes út. Sa wolle se te witten komme wat se foar de leden dwaan kinne yn de ûnderhannelingen oer de nije cao.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)