Aksjes by de parketplysje

30 jan 2008 - 08:36

De parketplysje yn Fryslân fiert woansdei aksje. Dêrtroch giet in tal rjochtsaken net troch. Der is troch de aksje gjin bewaking yn de rjochtseal en fertochten wurde net ferfierd.

De aksje fan de parketplysje is ûnderdiel fan de grutte lanlike aksjes fan de plysje. Dy aksjes wurde hâlden om minister Ter Horst te twingen mei in bettere CAO foar de plysje te kommen. Fanwege dy aksjes wienen moandei alle plysjeburo's ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)