Aksjeplan foar nije beammen

21 feb 2011 - 10:49
  • De wyk Blitsaerd by Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
  • Gonneke Van Hoesen-Korndorffer (foto: Omrop Fryslân)

De aksjegroep Bomenridders yn Ljouwert komt mei in nij plan. Der moatte beammen plante wurde op trije plakken: yn nijbouwiken, gewoane wiken en op bedriuweterreinen. Bedriuwen binne oanskreaun om dat te beteljen. Se kinne dan in beam sponsorje. Dêrmei soenen se harren griene imago ferbetterje kinne.

Neffens de Bomenridders is der ferlet fan mear grien yn 'e stêd. Sa stiet bygelyks yn nijbouwyk Blitsaerd noch hast neat en is it dêr keal.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)