Aksjekomitee Ritsumasyl

21 maaie 2004 - 00:00

It grutste part fan de ynwenners fan Ritsumasyl is tsjin op de komst fan de Heak om Ljouwert. Dêrom wurdt freedtejûn offisjeel in aksjekomitee tsjin de Heak yn it libben roppen. Yn it komitee komme 9 of 10 ynwenners fan it doarp te sitten.

It trasee dat keazen is as bêste rûte, leit hiel ticht by it buorskip. It komitee komt net fuortdaliks yn aksje. Se wolle earst de Miljeu Effekt Rapportaazje ôfwachtsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)