Aksjegroep tsjin 'racebaan' Stiens-Jelsum

19 apr 2016 - 22:12
  • De rails fan it Dokkumer Lokaaltsje-spoar lizze der op guon plakken noch yn

Ynwenners fan Stiens en Jelsum keare harren tsjin de plannen fan de gemeente Ljouwerteradiel foar in fytspaad oer it âlde trajekt fan it boemeltreintsje it Dokkumer Lokaaltsje. In aksjegroep besteande út bewenners is bang dat it 2,5 meter brede asfaltpaad in gefaarlike racebaan wurdt. Se ha leaver dat der in rekreatyf skulpepaadsje komt.

Dêrneist binne de bewenners net bliid mei de wize wêrop't de plannen ferline wike troch de gemeente presintearre binne, om't se nei eigen sizzen net meiprate koene oer de ynfolling derfan.

Petysje

In flyeraksje fan de aksjegroep hat in soad sympatisanten opsmiten. Kommende tongersdei biedt de aksjegroep de gemeenteried in petysje oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)