Aksjegroep sâltwinnen opheft

18 aug 2010 - 14:07

De aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' bestiet net mear. De groep hat alle prosedueres dy't fierd wurde koenen tsjin sâltwinning út de boaiem no dien. De aksjegroep waard ein 2001 oprjochte troch de doarpsbelangen fan goed 10 doarpen om Frjentsjer hinne.

Doel wie om sâltwinning yn Noardwest-Fryslân tsjin te hâlden. De ôfrûne jierren binne sa'n 50 aksjes organisearre. De aksjegroep hat 250.000 euro útjûn oan kosten foar juridyske prosedueres.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)