Aksjegroep posityf oer ynset Sionsberg foar spoedsoarch

26 mrt 2016 - 20:36
  • Byld fan de feestlike weriepening fan sûnenssintrum De Sionsberg

Aksjegroep 'Red de Sionsberg' hat fertrouwen yn de oanpak fan eigeners en direksje fan it sikehûs om de 24/7 spoedsoarch en ek de operaasjekeamers wer werom te krijen yn it Dokkumer sikehûs. De aksjegroep hat hjir oer praat mei Igor Tulevski, ien fan eigeners. Hy is dwaande mei in businessmodel dat it mooglik makket om spoedsoarch langere tiid sûnder ferliezen draaie te litten.

Om de spoedsoarch yn Dokkum foarinoar te krijen is it wol fan belang dat fersekerder De Friesland ree is om mear soarch yn keapjen by it Dokkumer sikehûs.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)