Aksjegroep pleitet foar spoedsoarch yn Sionsberg

18 mrt 2016 - 09:33
  • Sikehûs Sionsberg yn Dokkum

De gemeente Dongeradiel moat wurk meitsje fan spoedsoarch yn De Sionsberg yn Dokkum, 24 oeren deis, sân dagen yn 'e wike. Dêrfoar pleitte aksjegroep Red de Sionsberg tongersdei yn de kommisjegearkomste. De aksjegroep fynt it posityf dat der wer yn it sikehûs ynvestearre wurdt en dat it soarchoanboad útwreide wurdt, mar spoedsoarch moat prioriteit hawwe, sa waard sein.

Neffens Red de Sionsberg is de 24-oeresoarch yn Noardeast-Fryslân no ûnder de maat. De aksjegroep wol dat gemeenten yn oerlis gean mei de belutsen ynstânsjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)