Aksjegroep pikt skûtels net

12 okt 2005 - 16:51

De aksjegroep Klein Duimpje leit him der net by del dat it ministearje fan definsje de satellytskûtels yn Boerum al yn gebrûk naam hat. Mei de skûtels kin tillefoanferkear tusken mooglike terroristen ûnderskept wurde.

Klein Duimpje ferset him tsjin de komst fan de skûtels, omdat se yn in gebiet lizze dêr't minsken flakby wenje. De groep is benaud foar de feiligens en hat yntusken in advokaat yn de earm naam, om in rjochtsaak oan te spannen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)