Aksjegroep kriget soad reaksjes

16 jun 2002 - 00:00

De aksjegroep fan boeren dy't wol dat Friesland Coberco Dairy Foods de fuortsmiten molke fergoedet, kriget in soad reaksjes. It giet om hûnderten reaksjes fan boeren, mar ek fan oaren.

Friesland Coberco wol pas op 25 juny in beslút nimme oer in eventuele fergoeding, mar dat duorret de aksjegroep te lang. De molke gie de jarrekolken yn fanwege de suvelstaking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)