Aksjegroep helpt mei oerstap nei oare soarchfersekerder

11 des 2014 - 11:40

Aksjegroep Red de Sionsberg set it wykein bussen yn om derfoar te soargjen dat minsken oerstappe fan soarchfersekerder De Friesland nei oare fersekerders. Ut Ternaard en De Westereen wurde minsken nei it oerstapkantoar yn Dokkum brocht. Dêr kinne se fan soarchfersekerder feroarje.

De aksjegroep hâldt De Friesland ferantwurdlik foar de sluting fan it sikehûs yn Dokkum. De Friesland hat alle 30.000 klanten yn de regio in brief stjoerd mei har kant fan it ferhaal. Ek kinne minsken mei fragen telâne yn de mobile winkel yn it sintrum fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)