Aksjegroep Frosk wurdt komitee

29 jul 2011 - 21:14
  • Petra Eisma en Albert Wijbenga fan it komité De Frosk

De aksjegroep foar it behâld fan swimbad De Frosk yn de Westereen giet fierder as in komitee dat kritysk folgjet wat der bart nei de oername troch de Conégroep. Ferline wike tiisdei gong de gemeenteried akkoart mei it fuortbestean fan it swimbad, mei troch aksjes yn it doarp.

De aksjegroep heft himsels no net op, mar wol gesprekspartner wurde oer de iepeningstiden, de swimlessen, it personiel en de frijwilligers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)