Aksjedriging by houtferwurkers

02 aug 2010 - 20:54

De fakbûnen driigje mei aksjes yn de houtferwurkjende yndustry. Neffens har slagget it mar net om mei de wurkjouwers yn petear te kommen oer in nije CAO. De FNV hie de wurkjouwers in ultimatum steld oant ôfrûne moandei, mar dy binne dêr net op yngien.

FNV-bestjoerders oerlizze de kommende dagen mei har leden oer eventuele aksjes. It giet dan ûnder oare om meiwurkers fan palletfabryk Halbertsma yn Grou. It CNV jout de wurkjouwers noch in wike langer de tiid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)