Aksjedei soarchsintrum Het Bildt

21 sep 2004 - 15:42

Premier Balkenende. Meiwurkers en bewenners fan soarchsintrum Het Bildt yn Sint Anne moat neat fan him hawwe en noch minder fan syn besunigingsplannen. Omdat de plannen fan it kabinet sa min falle by bewenners en meiwurkers wie der tiisdei in aksjedei yn it sintrum.

De meiwurkers binne foaral min te sprekken oer it plan om minsken oant har 65ste trochwurkje te litten. Neffens de direksje sil dat liede ta mear syktefersom en mear wao'ers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)