Aksjedei mûzeskea wykt út nei Abe Lenstrastadion

15 jan 2015 - 20:42

De belangstelling foar de aksjedei oer de mûzeskea is sa grut dat de organisaasje útwykt is nei in gruttere lokaasje. De aksjedei soe yn It Haske op De Jouwer hâlden wurde, mar is no ferpleatst nei it Abe Lenstrastadion. Op de aksjedei binne moarns politisy út Fryslân, Den Haag en it Europeesk parlemint útnoege om te sjen hoe mâl it liket mei de mûzeskea. De byienkomst foar boeren en oare belangstellenden is middeis fan 13.30 oant 15.30 oere. De aksjedei is op moandei 19 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)