Aksjedei Bornego smyt 20.000 euro op foar Edukans

17 jun 2015 - 14:41
  • Aksjedei Bornego Kolleezje

De aksjedei fan it Bornego Kolleezje op It Hearrenfean en De Jouwer fan ferline wike tiisdei hat 20.000 euro opsmiten. It jild giet nei Edukans en is bedoeld foar ûnderwiisprojekten yn Ethiopië.

It jild is ophelle mei in sponsorestafette, in feiling ûnder lieding fan boargemaster Tjeerd van der Zwan en merken op It Hearrenfean en De Jouwer. De aksjedei wie yn it ramt fan it fjirde lustrum fan it Bornego Kolleezje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)