Aksjebuorden Skalygasfrij

02 nov 2013 - 10:00

PAL GrienLinks pleatst sneon by de tagongswegen fan de doarpen fan de nije gemeente Ljouwert, buordsjes mei de tekst: Skalygasfrij, ûnder de plaknambuorden. Op dy wize wol de politike partij har ferset tsjin it boarjen nei skalygas dúdlik meitsje. Der lizze al plannen foar in proefboarring by Wergea en Warten.

It earste boerd Skalygasfrij is sneontemoarn om alve oere pleatst oan de Wergeasterdyk by Wergea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)