Aksje yn Westeinde tsjin 'leech gûnzjend lûd'

23 aug 2015 - 13:50
  • De Facebook-pagina Westeinde wordt gek van "het geluid"

Ynwenners fan de Ljouwerter wyk Westeinde komme yn aksje tsjin in gûnzjend, leech lûd dat de buert al hast oardel jier teheistert. Ien fan harren, Patricia ten Hoeve-Mink, is in Facebookside begûn dêr't elkenien syn beklach dwaan kin oer it ferfelende lûd. Patricia en oare bewenners hawwe kontakt hân mei de gemeente Ljouwert, mar nimmen wit wêr't de bromtoan wei komt.

It lûd is der net altyd en ek net elkenien yn Westeinde hat der lêst fan. Freed ha de bewenners in klacht yntsjinne by de gemeente.

Se hoopje dat der no in yngreven ûndersyk komt. De Facebookside fan Patricia ten Hoeve-Mink en har freondinnen hjit Westeinde wordt gek van "het geluid".

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)