Aksje yn hendikeptesoarch

17 jan 2006 - 10:58

De goed 6000 wurknimmers yn de Fryske hendikeptesoarch komme yn aksje foar in nije CAO. De soarchwurknimmers wachtsje al sûnt 1 jannewaris 2005 op dy nije CAO.

De lange ûnderhannelings tusken wurkjouwers en fakbûnen binne no hielendal fêst rûn. De fakbûnen wolle mear lean, mear jild foar opliedingen en in bydrage foar de libbensrin-regeling. De wurkjouwers sizze it net betelje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)