Aksje wc-pot-sitte foar Ghana

05 sep 2009 - 12:12

De tsjerke fan Haulerwyk/Waskemar wol troch aksjes 20.000 euro ophelje foar de bou fan in kreamklinyk yn Ghana. Ien fan de aksjes is it wc-potsitten dat sneon om fiif oere offisjeel ôfsletten wurdt. Seis famkes hawwe dan 24 oere op in wc-pot sitten en dêrmei 4500 euro fertsjinne.

De aksje waard holden op in frachtwein midden yn Haulerwyk. Yn de simmer fan 2010 sil in ploech fan tritich tsjerkeleden nei Ghana ta om oan de klinyk te wurkjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)