Aksje Wakker Dier hat súkses

29 mrt 2002 - 00:00

De aksje fan organisaasje Wakker Dier om lisbatterij-aaien út de supermerken te krijen, hat yn Fryslân fertuten dien. De C1000-supermerk oan de Middelwyk yn Drachten is de earste fan dy keten yn Fryslân dy't tenei gjin lisbatterij-aaien mear ferkeapet.

Wakker Dier fiert aksje tsjin de C1000 om't dy keten de grutste ferkeaper fan lisbatterij-aaien yn Nederlân is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)