Aksje 'Vrij Uitgaan' is súkses

29 jan 2008 - 00:05

De tsjinaksje fan Vroeg Op Stap hat yn ien wike tiid al mear as 40.000 hantekens opsmiten. Dêrmei rint it tal hantekens hurder as by Vroeg Op Stap.

De tsjinaksje Vrij Uitgaan is in inisjatyf fan ferskate politike jongerenpartijen. Se fine dat betider op stap gean gjin oplossing is om it alkoholgebrûk fan jongeren omleech te krijen. Om safolle mooglik minsken te berikken is op Hyves in oprop ferstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)