Aksje tsjinstanders ôffaloven

17 jan 2007 - 13:21

Tsjinstanders fan de grutte ôffaloven dy't Omrin yn Harns festigje wol, ferwachtsje in lange striid. Woansdei waard yn Harns en omlizzende doarpen in brief hûs-oan-hûs besoarge mei de oprop yn aksje te kommen tsjin de reststoffesintrale.

Stichting Afvaloven Nee is bang dat de wyn by kalamiteiten gefaarlike stoffen ferspriede sil en dat Harns meiwurket oan de oven om it mislearre haven- útwreidingsprojekt goed te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)