Aksje tsjin wynmûnen Hichtum

13 mrt 2014 - 22:12

Doarpsbewenners yn Hichtum keare har tsjin de plannen foar de pleatsing fan wynmûnen by it doarp. In groep ûndernimmers hat plannen om oan de noardwestside fan Hichtum 14 mûnen fan 150 meter heech te pleatsen. Doarpsbewenners binne benammen benaud foar lûdsoerlêst. Nachts soe dat gean om hast 70 desibel. Neffens de Hichtumers is dat in grutte oanslach op de leefberens yn it doarp.

Dêrom is der in aksjegroep oprjochte, dy't oansluting sykje wol by oare groepen yn Súdwest-Fryslân dy't ek aksjefiere tsjin de komst fan hege wynmûnen.

Ein maart is der yn Drylts in ynspraakjûn fan de provinsje. Belanghawwenden kinne har dan útsprekke foar of tsjin de komst fan wynmûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)