Aksje tsjin UMTS-mêst Harns

11 apr 2006 - 15:12

Twa Harnsers fiere aksje tsjin de komst fan in UMTS-antenne op it terrein fan de fuotbalklup Zeerobben. KPN wol in mêst bouwe dy't 38,5 meter heech wurde moat.

De aksjefierders binne bang foar sûnensskea troch strieling. Se diele beswierskriften út dy't dêrnei oanbean wurde oan de gemeente. Harns wol KPN tastimming jaan foar trije mêsten. Mocht blike dat de mêsten skealik binne, dan wurde se wer fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)