Aksje tsjin toeristebelesting

03 des 2003 - 00:00

De toeristebelesting moat ôfskaft wurde. Toeristyske organisaasjes fiere der woansdei aksje foar yn Den Haach. De ferskillen tusken de gemeenten binne neffens har te grut en de tariven skele te bot. Mar de helte fan de Fryske gemeenten heft dy belesting.

De Recron fynt dat ûnearlik. De opbringst soe neffens dy klub net foar toerisme brûkt wurde. Yn de Twadde Keamer steane CDA en VVD net ôfwizend tsjinoer it ôfskaffen fan de belesting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)