Aksje tsjin sluten keten

14 aug 2010 - 12:41

Sa'n 80 jongeren út Nijefurd fierden freed aksje tsjin de sluting fan de keten. Se setten it Frieslandplein yn Koudum ôf mei linten en hongen spandoeken op. Ek wie der lûde muzyk. De gemeente is dwaande alle keten yn de gemeente te sluten.

De jongeren wolle de keten behâlde en yn oerlis mei de gemeente regels opstelle. Mei dizze aksje wolle de jongeren sjen litte hoe't it der oan ta gean soe as de keten slute. De gemeente hâldt fêst oan sluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)