Aksje tsjin satynflinters Snits

27 maaie 2004 - 00:00

De gemeente Snits is dwaande de bastert satynflinter út te roeien. It bist is net gefaarlik, mar fret it grien yn de gemeente keal. Snitsers wurdt frege te melden at se nêsten fan de flinter sjogge. De gemeente ferneatiget se.

Troch de droechte is de pleach fan de satynflinter dit jier grutter as oars. De flinter leit simmers aaikes oan de ûnderkant fan it blêd. Jonge rûpen spinne it blêd by elkoar en foarmje sa in nêst. Yn april komme se út.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)