Aksje tsjin sâltwinning

18 sep 2004 - 10:54

De aksjegroep 'Laat het zout maar zitten' lit sneon in fleantúchje boppe Frjentsjer fleane. Efter it fleantúchje hinget it boadskip 'Stop de zoutwinning'. Yn Frjentsjer wurde sneon de Agraryske dagen hâlden.

De aksjegroep ferset him al jierren tsjin de sâltwinning fan Frisia yn Harns. Bewenners fan ûnder mear Tsjummearum en Seisbierrum binne benaud foar skea troch boaiemdelgong troch de sâltwinning.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)