Aksje tsjin rie bernebeskerming

29 jul 2004 - 11:29

De rie foar de bernebeskerming moat har tenei net mear bemuoie mei skiedings. Dat fynt in aksjegroep dy't dizze simmer by safolle mooglik kantoaren fan dy ynstânsje lâns reizget. De demonstranten binne it net iens mei it belied foar omgongsregelingen foar bern fan skieden âlden.

Ljouwert wie woansdei it achtste kantoar dat in besite krige. Sa'n 350.000 Nederlânske bern ha gjin omgong mear mei ien fan de âlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)