Aksje tsjin pikehâlderij

19 jul 2010 - 17:24

Beswiermakkers tsjin de útwreiding fan in pikehâlderij op De Harkema jouwe de striid net op. De firma Baas wol it oantal piken fergrutsje fan 85.000 nei 140.000 en hie in miljeufergunning oanfrege. Ferline wike fage de Ried fan Steat alle beswieren fan tafel.

Om de buert yn de mjitte te kommen wol Baas noch wol ynvestearje yn in nij systeem mei luchtwaskers en wettersuverders. Dan stjonke 140.000 piken noch mar as 14.000 piken. Dan moat der wer in nije fergunning komme.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)