Aksje tsjin partij Verdonk

23 jan 2010 - 09:10

Op It Hearrenfean binne posters plakt mei teksten tsjín de partij fan Rita Verdonk. De groep Frije Fryske Grûn claimt de aksje. Verdonk sei ferline jier dat wat har oanbelanget Fryslân as provinsje wol opdoekt wurde kin.

Sa soe in soad besunige wurde kinne op it amtlik apparaat. De askjegroep is fûl tsjin op it opheffen fan de provinsje, omdat Friezen as kulturele minderheid bestjoerd wurde moatte troch demokratysk keazen Friezen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)