Aksje tsjin opstapplakken bern spesjaal ûnderwiis

12 aug 2015 - 10:50
  • Taksy

Alden fan bern mei in beheining yn gemeente De Fryske Marren sille aksje fiere tsjin de gemeente. Earder dizze wike waard bekend dat de gemeente opstapplakken ynfiere sil foar bern dy't nei it spesjaal ûnderwiis moatte. Alden sjogge dat net sitten en wolle dat it taksyferfier de bern by harren thús opheljen bliuwt.

Om dat foar elkoar te krijen sille se sneon yn Balk úteinsette mei in hantekeningaksje. Se dogge dat yn gearwurking mei de SP. Ek wolle se yn petear mei wethâlder Janny Schouwerwou fan De Fryske Marren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)