Aksje tsjin opheffen spoar Harns

25 nov 2003 - 00:00

Boargemaster en wethâlders fan Harns fergaderen tiisdei yn 'e trein nei Ljouwert. Underwerp wie behâld fan it spoar nei de havenstêd. Reizgers koenen har hânteken sette tsjin it útstel fan de provinsje.

De Steaten beslute meikoarten oft op it trajekt in busferbining komt yn plak fan de trein. Harns wol de spoarferbining hâlde en hat in protestbrief oanbean oan kommissaris fan de keningin Ed Nijpels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)