Aksje tsjin omtoarkjend ôffal begjint yn Koarnjum

02 mrt 2015 - 15:36
  • Koarnjumer bern dwaande mei it sammeljen fan 'swalkôffal'
  • Troch beukers makke útstalling oer ôffal yn Koarnjum
  • De basisskoalle yn Koarnjum is ien fan de gearwurkingsskoallen
  • Swalkôffal yn it gers

Learlingen fan Fryske skoallen gean de kommende moannen oan de slach mei it beheinen fan omtoarkjend ôffal. De learlingen sille it probleem yn kaart bringe en foarstellen dwaan foar oplossings dy't se oanbiede oan de gemeenten. It is in projekt fan de Fryske Miljeufederaasje en de gemeenten Harns, Frjentsjerteradiel, Littenseradiel, Ljouwerteradiel en Flylân.

De aksje begûn moandeitemoarn op basisskoalle Oan 't Skipperspypke yn Koarnjum. De bern fan dy skoalle fine dat der tefolle ôffal yn en om it doarp leit.

Wethâlder frou Visser fan Ljouwerteradiel joech it startsein foar de aksje. In earste delegaasje skoalbern makke in slach troch it doarp. Sy hiene yn in omsjoch in pear plastik pûden fol ôffal byinoar. Sy fûnen ûnder oare plastik, lêge drinkpakjes, mar ek blikjes en sels in lege bearenburchflesse. De lêste lei, frjemd genôch, frij tichtby de glêskontener. It skoalprojekt is ûnderdiel fan de aksje 'Samen Fryslân Schoon', dêr't ek ôffalbedriuw Omrin oan meidocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)