Aksje tsjin ôffalkonteners

21 jun 2010 - 12:32

De ynwenners fan Feankleaster binne lilk op de gemeente. Dy hat nammentlik sûnt maart in grut tal ôffalkonteners yn it doarp parkeard. It giet om ôffalkonteners dy't eins hearre te stean op it ôffalstoart yn Kollum, mar de gemeente hat noch gjin fergunning om se dêr del te setten.

Dêrom hat de gemeente besletten se tydlik op te slaan yn Feankleaster. Dat soarget lykwols foar in soad oerlêst. Oan de gemeente binne hantekens tsjin de opslach oanbean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)