Aksje tsjin Nij Saailân-plannen

07 maaie 2006 - 12:07

Oer goed fjirtjin dagen kinne de Ljouwerters nei de stimbus foar it referindum oer de 114 miljoen euro kostjende Nij Saailân-plannen. De Ljouwerters wurde dan frege oft sy it iens binne mei de plannen foar de folsleine werynrjochting fan it plein.

De fjouwer opposysjepartijen yn de gemeenteried (SP, NLP, ChristenUnie en FNP) fiere de kommende dagen aksje tsjin de plannen. Se binne sneon út ein set yn winkelsintrum Nijlân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)