Aksje tsjin natoerbesunigings

02 jan 2011 - 10:41

Meiwurkers fan natoerorganisaasjes fiere sneintemiddei aksje tsjin besunigings dy't it kabinet trochfiere wol. Neffens de organisaasjes betsjutte dy besunigings dat se it mei 40% minder jild dwaan moatte.

Boskwachters en frijwilligers diele waarme poeiermolke út om omtinken te freegjen foar harren stânpunt. Yn Fryslân is de aksje ûnder oaren yn Aldemardum, it besikerssintrum fan it Drents-Friese Wold, Oranjewâld en yn it Nasjonaal Park Lauwersmar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)