Aksje tsjin misbrûk sjauffeurs

15 nov 2011 - 16:14

Fakbûn FNV fiert freed aksje tsjin misbrûk fan goedkeape East-Europeeske sjauffeurs. It is net goed foar de swier ûnderbetelle sjauffeurs. It is ek konkurrinsjeferfalsking fan bedriuwen dy't harren wol oan 'e regels hâlde.

It ferskil yn lean kin behoarlik oprinne. Sa leit it oerelean fan bygelyks in Poalske sjauffeur dy't yllegaal ynset wurdt op sa'n trije euro, wylst in Nederlânske sjauffeur fjirtjin kriget.

 

It bûn sil freed by ferskate Fryske transportbedriuwen del om dêroer te praten. Se wolle dat der yn 'e nije CAO ek ôfspraken oer makke wurde. De CAO-ûnderhannelings sette 24 novimber út ein.

 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)